Jeugd yn De Harkema spilet net mear op keunstgers

De fuotbalklups fan De Harkema ferbiede per direkt it spyljen fan de jeugd op keunstgersfjilden. Dat ha Harkemase Boys en Harkema Opeinde besletten nei oanlieding fan berjochten oer skealike stoffen yn de kerrels op de fjilden. Dy soene skealik wêze kinne foar de sûnens.
De bestjoeren fan de klups fine it dêrom net langer ferantwurde om de jeugd der op spylje te litten. Der rint noch in ûndersyk fan it RIVM. Yn ôfwachting fan de útkomsten fan dit ûndersyk mei de jeugd net op de fjilden spylje.