Diken Provinsjehûs ôfset

21 maaie 2012 - 07:04

De omkriten fan it Provinsjehûs yn Ljouwert sil fan moandei ôf tydlik ôfsetten wurde foar ferkear. Tiisdei sil keninginne Beatrix it fernijde Provinsjehûs offisjeel iepenje. Der moat moandei noch in soad barre om alles ta te rieden.

Sneintejûn waarden de parkearplakken by it provinsjehûs al ôfsetten. Moandei oerdeis mei allinne bestimmingsferkear noch oer de Twibaksmerk en dy jûns is de dyk folslein ôfsletten. Der wurdt in omliedingsrûte ynsteld foar it ferkear.

Trefwurden: 
iepening provinsjehûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)