Seldsume poddestoel op Flylân ûntdutsen

Op Flylân is in bysûndere poddestoel ûntdutsen troch leden fan de Nederlandse Mycologische Vereniging. It giet om de seldsume en bedrige Purperbruine aardtong. De poddestoel is fûn yn de Kroonpolders, in natuergebiet dat net tagonklik is foar publyk. It giet neffens de feriening om in nije soarte poddestoel op it eilân. Der moasten eksperts oan te pas komme om te sjen om watfoar poddestoel oft it gie.
Neist dizze poddestoel binne ek de Duinfopzwam en de Duinstinkzwam fûn. Dizze soarten waarden earder ek al op it eilân oantroffen.