Takomst fleanfjild Eelde wurdt bepraat

Provinsjale Steaten fan Drinte praat woansdei oer de takomst fan fleanfjild Eelde. It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Drinte wol de kommende tsien jier graach sa'n 30 oant 46 miljoen euro ynvesteare.
De provinsjale polityk liket neffens RTV Drenthe it kolleezje dêryn te stypjen. Mar hoe't de stipe der dan krekt út komt te sjen is noch net dúdlik. En ek is ûndúdlik hoefolle jild as der dan nei Eelde giet. Ek ûndernimmers sette har hieltyd mear yn om de lofthaven te behâlden.
Sa waard earder dit jier de sakeklup Groninger Business Network oprjochte. De klup wol ûndernimmers yn it Noarden safolle mooglik belûke by it fleanfjild, om sa de takomst fan Eelde feilich te stellen. Ek Fryske bedriuwen dogge hjiroan mei.