"Passazjiersoantallen fleanfjild Eelde te roaskleurich"

Groningen Airport Eelde skat de passazjiersoantallen dy't it yn de takomst ferwachtet te heech yn. Dat meldt RTV Noord. Undersyksburo SEO út Amsterdam komt ta dy konklúzje. Oandielhâlders binne ree om miljoenen euro's yn it fleanfjild te ynvestearjen. It giet om gemeenten yn de provinsjes Grinslân en Drinte, mar ek om dy provinsjes sels.
Neffens de ûndersikers krije potinsjele ynvestearders op dizze wize in te posityf byld fan de mooglikheden yn de takomst.
De PvdA yn Drinte sei ferline moanne noch, dat it moai wêze soe as ek Fryslân by de takomstplannen belutsen wurde soe, bygelyks as oandielhâlder.