Fjoerwurkfrije sônes yn fiif Fryske gemeenten

30 nov 2016 - 06:08
(foto-ympresje) - Foto: ANP XTRA

Op âldjiersdei stelle fiif gemeenten yn Fryslân fjoerwurkfrije sônes yn. Dat docht bliken út in enkête fan de NOS en de regionale omroppen. Benammen om fersoargingshuzen en sikehuzen, winkelsintra, in monumintale mûne en in bernebuorkerij, wurdt sa'n sône ynsteld, dêr't gjin fjoerwurk ôfstutsen wurdt.

De gemeente De Fryske Marren is de iennichste gemeente yn Fryslân dy't in sintraal fjoerwurkevenemint organisearret. Fjirtjin Fryske gemeenten nimme maatregels foar it karbidsjitten, sa mei der allinnich tusken bepaalde tiden sketten wurde.

Ek moat der in ûntheffing oanfrege wurde.

Trefwurden: 
âldjiersdei fjoerwurk karbid
(Advertinsje)
(Advertinsje)