'Moardner Marianne is bekende'

21 maaie 2012 - 00:11

De moardner fan Marianne Vaatstra fan de Westereen is mooglik in bekende. De plysje hâldt serieus rekken mei dat senario, neidat in saneamd 3D-team de lêste jierren yntensyf ûndersyk die nei de moardsaak út 1999. De útkomsten fan dat nije ûndersyk binne sneintejûn yn it programma fan misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries bekend makke.

Oant no ta gie de plysje út fan in ûnbekende. Ut it lêste ûndersyk docht bliken dat in oanstekker yn it taske fan Marianne nei alle gedachten fan de dieder is en dat se mooglik frijwillich mei him mei gie.

Trefwurden: 
moard Marianne Vaatstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)