Provinsje Fryslân wol jongere amtners

29 nov 2016 - 21:59

De provinsje Fryslân moat ferjongje. Dat wol alteast Deputearre Steaten. De gemiddelde leeftiid fan de meiwurkers by de provinsje is op it stuit 47 jier en dat moat nei ûnderen. Tegearre mei it fakbûn hat de provinsje dêrom in plan opsteld dat it mooglik makket foar wurknimmers fan boppe de 60 jier oeren yn te leverjen en sa romte te meitsjen foar jongere wurknimmers.

Neffens deputearre Klaas Kielstra is dy jonge oanwaaks wichtich om sa de organisaasje ek yn de takomst sterk te hâlden. De provinsje skat yn dat der yn de kommende jierren tusken de 60 en 70 minsken oeren ynleverje wolle en dêrmei soe dan 20 FTE frijkomme foar minsken ûnder de 35 jier.

De oeren dy't ynlevere wurde troch de âldere wurknimmers, wurde foar 50 persint trochbetelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)