Kielstra wol Sineeske toeristen nei Fryslân helje

29 nov 2016 - 21:33

De besite fan deputearre Klaas Kielstra oan Sina hat nije kontrakten opsmiten foar it Fryske bedriuwslibben. Boppedat binne der ferkennende petearen west oer in fernijde gearwurking op it mêd fan it reedriden, sa seit Kielstra.

De deputearre wie ferline wike ûnder oare yn de Sineeske stêd Harbin. Neist de ekonomy en it reedriden is der ek praat oer de mooglikheden foar toeristyske reizen fanút Sina nei Fryslân ta. Neffens Kielstra is der noch in soad te heljen, mar is Fryslân noch te ûnbekend.

Kulturele Haadstêd 2018 soe helpe moatte om ús provinsje wat bekender te meitsjen, mar ek moatte de Fryske toeristyske ûndernimmers harren oanbod oanpasse oan de Sinezen. Dy soene benammen ynteressearre wêze yn deitripkes dy't se as groep meitsje kinne.

Yn april giet Kielstra opnij nei Sina. Dan giet der in folle gruttere groep ûndernimmers mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)