Wagenaar wint yn Berltsum

De winst yn de frije formaasjepartij yn Berltsum wie snein in ienfâldige proai foar it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale waard mei 5-1 en 6-0 wûn fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Opnij winst foar Wagenaar, dy't ferline wike yn Peijum ek al de bêste wie. De lytse premie wie foar Nynke Sybrandy, Imke van der Leest en Wiljo Sybrandy.