Alderen socht foar tentoanstelling oer seks en yntimiteit

Alderen, dy ha gjin seks mear. Dochs? Of dochs wol? Soarchorganisaasje Sûnenz is op syk nei âlderen dy't oer seks en yntimiteit fertelle wolle en ek op de foto wolle, foar in tentoanstelling op 14 febrewaris.
Neffens Alie Lucas, koördinator keunst fan Sûnenz, rêst der in taboe op seks en âlderein. De tentoanstelling moat dit taboe weinimme, troch it ûnderwerp besprekber te meitsjen ûnder âlderein en helpferlieners dy't mei âlderein wurkje.
De tentoanstelling giet lykwols net allinnich oer seks. "We willen ook intimiteit en privacy bespreekbaar maken", seit Lucas. Se wol sjen litte hokker plak yntimiteit en seksualiteit ynnimt yn it libben fan de dielnimmers.
De foto's wurde makke troch in profesjonele fotograaf yn de eigen wenomjouwing. De ynterviews fine dêr ek plak. Minsken boppe de 65 jier dy't meidwaan wolle, kinne harren opjaan by Sûnenz.