Betize Oerterper bedriget frou en fernielt huzen mei hammer

29 nov 2016 - 17:52
Foto: Srfotografie

In 47-jierrige man út Oerterp is tiisdeitemiddei oanholden yn syn wenplak. Hy hie in buertbewenster slim bedrige en fernielingen oanbrocht oan ferskate wenningen en auto's. 

De plysje krige in melding dat der in man mei in hammer oer strjitte rûn en op ferskate plakken tasloech. By ien hûs rûn er sels efter de bewenster oan. De plysje koe de betize man úteinlik pakke. Hy is oerdroegen oan de helpferliening en sil letter heard wurde.

Trefwurden: 
bedriging fernieling Oerterp
(Advertinsje)
(Advertinsje)