"Miste kâns foar De Friesland"

It is in miste kâns dat De Friesland net fierder wol mei de plannen dy't fiif soarchoanbieders betocht hawwe foar Sionsberg. Dat seit Norbert Hoefsmit, bestjoerder by sikehûs Nij Smellinghe en wurdfierder út namme fan de fiif. It giet om Nij Smellinghe, MCL, ZuidOostZorg, de Kwadrantgroep en GGZ Friesland.
Om't De Friesland net fierder wol mar kontrakten ôfsletten hat mei DC Klinieken en CCN, hâldt it foar de fiif no op. Dat fynt Hoefsmit spitich, want de plannen binne fernijend en slute oan by feroaringen yn de soarch.
Wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel sjocht noch wol mooglikheden, ek al lûkt âldereinsoarchorganisaasje ZuidOostZorg him no werom ut de gearwurking mei Sionsberg. Ferskil fan ynsjoch oer hoe de soarch dan oanbean wurde moat spilet hjiryn mei.
Earder tiisdeitemoarn waard bekendmakke dat de fiif soarchoanbieders har weromlûke út de bieding foar 'anderhalvelijnssoarch' by Sionsberg. De Friesland joech tiisdeitemiddei yn in reaksje oan dat it weromlûken júst soarget foar dúdlikheid, om't der no fierder bout wurde kin oan de takomst fan de soarchferliening yn Sionsberg.