Paralympysk kampioene Alyda Norbruis moat auto ynleverje

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp ferliest de lease-auto dy't se fia NOC*NSF hat. Dat fertelde se tiisdeitemiddei yn De middei fan Fryslân. Alle Paralympiërs, Olympiërs en harren coaches dy't in Pon Olympic Car lease, hawwe koartlyn in mail krigen dat se de auto ynleverje of oernimme moatte. De regeling dy't der al 33 jier wie, hâldt op.
"Yn dy mail stiet dat it IOC in deal sletten hat mei Toyota en dat wy dêrom de Pon-auto's, dy't fan Volkswagen binne, net mear op deselde manier brûke kinne", sa sei Norbruis.
Foar Norbruis is it in minne saak: se hat net genôch jild om de auto oer te nimmen, wylst de auto hurd nedich is om oan wedstriden mei te dwaan en op trainingsplakken te kommen. "It is foar my de earste betingst wol ik überhaupt trochgean kinne mei de sport. Sûnder auto kin ik gewoan gjin kant mear op", sa seit de hurdfytster. Op 18 desimber moat se de auto ynleverje. Se ropt minsken op om har fia har webside in berjocht te stjoeren as se in oplossing witte of har helpe kinne.
Norbruis wûn op de Paralympyske Spelen fan dit jier twa kear goud en ien kear brûns. Moandei wiene alle Nederlânske Paralympyske sporters op besite by premier Mark Rutte. Hy hat se doe felisitearre en loovjend tasprutsen, omdat er yn septimber net by de huldiging wêze koe.