Schep wint Fryske klassiker

20 maaie 2012 - 17:20
Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Peter Schep út Amersfoort hat snein de Ronde fan Súdeast Fryslân op syn namme skreaun. Yn de slotsprint op de Bosberg wie de fytser fan Koga krekt wat rapper as nûmer twa Jeffrey Wiersma. Lang like de klassiker oer 180 kilometer in Fryske winner te krijen. Ruben Hoekstra út Tjerkgaast en Binne Pier de Haan út Aldegea (Sm.) sieten it grutste diel fan de koers yn de kopgroep, mar moasten úteinlik belies jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)