Nederlands Bijbelgenootschap poer oer fraude Griene Bibel

29 nov 2016 - 15:46

De Griene Bibel fan útjouwerij Jongbloed op It Hearrenfean is net sa grien as de namme tinken docht. Jongbloed hie sein dat de bibels op recycle papier drukt binne, fan bibels dy't dêrfoar ynlevere binne, mar dat is net sa. Ut in yntern ûndersyk hat bliken dien dat in meiwurker fan it bedriuw der ferantwurdlik foar is. Jongbloed sels neamt it ynterne fraude. Minsken dy't al in Griene Bibel ha en der no ôf wolle, kinne him werom stjoere. Dan krije se har jild werom.

Nederlands Bijbelgenootschap bot teloarsteld

De Griene Bibel wie in inisjatyf fan it Nederlands Bijbelgenootschap. Yn de bibel binne teksten oer natuer en duorsumheid markearre mei in griene kleur. En der stean ferdjipjende teksten yn oer leauwen en duorsumheid.

It Nederlands Bijbelgenootschap is djip skokt oer de fraude mei de Griene Bibel. De direkteur seit dat de fertrouwensbreuk net sûnder gefolgen bliuwe kin foar de gearwurking mei Jongbloed.

De meiwurker fan Jongbloed dy't de flater op syn gewisse hat, is yntusken skorst. De bibels wiene ynsammele troch frijwilligers fan it Nederlands Bijbelgenootschap en binne by it gewoane âld papier terjochte kaam. Dat is ûnakseptabel, seit de direkteur fan it Bijbelgenootschap. "Dit alles noodzaakt ons, onze relatie met Jongbloed grondig te heroverwegen", seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)