Alle weiwizers yn Noardfryslân wurde twatalich yn 2017

29 nov 2016 - 15:02

Yn Noardfryslân, yn it uterste noarden fan Dútslân, wurde takommend jier alle weiwizers lâns de autodiken twatalich Dúts-Frysk makke. Dat hat de lândei fan Sleeswyk-Holstein besletten op inisjatyf fan regearingspartij SSW.

In opmerklik beslút, want fan de 160.000 ynwenners fan Noardfryslân prate noch mar sa'n 10.000 minsken ien fan de Noardfryske farianten. Koartlyn waard it earste twatalige ferkearsboerd pleatst yn it doarpke Struckum lâns de grutte autodyk B5.

Twivels

Struckum is in selsstannige gemeente fan in lytse tûzen ynwenners. De drokke Bundesstrasse nei Niebüll giet dwers troch it doarp. Struckum fjochtet al in lytse 50 jier foar in rûnwei. Dy krije se foarearst net, wol wurde de weiwizers twatalich Dúts-Frysk makke, ta fernuvering fan boargemaster Andreas Petersen. Hy wie yn earste ynstânsje net iens útnûge foar de ûntbleating fan it earste twatalige boerd. Hy hat ek wol wat twivels by it projekt, ek al omdat yn Struckum benammen Platdúts praat wurdt en hast gjin Frysk.

Taalwet

It beslút om Struckum en hiel Noardfryslân fan twatalige weiwizers te foarsjen waard nommen yn de lândei fan Sleeswyk-Holstein yn Kiel. Yn Sleeswyk-Holstein sit minderhedepartij SSW fan de Deenske en Fryske minderheid yn de regearing mei de Grienen en de SDP. It foarstel om alle weiwizers twatalich te meitsjen is in ferfolch op de taalwet Friesisch, dy't de lândei earder oannaam. Foaroanman Lars Harms fan de SSW wol de lytse Noardfryske taal sa mear sichtber meitsje yn Noardfryslân. Dat is goed foar de eigen befolking, mar ek foar de toeristen, tinkt Harms. De maatregel kostet mei-inoar op syn minst 500.000 euro.

Tsjinstim

De liberale FDP stimde as iennichste partij tsjin de twatalige ferkearsbuorden. Foar it Nordfriisk Instituut yn Braist/Bredstedt wie dat oanlieding om de partij ferline wike freed út te nûgjen. Dat wie net sûnder fertuten, want lândeilid Anita Klahn hie nei ôfrin fan har besite spyt fan har tsjinstim.

Lêste Fryskprater

Yn de Noardfryske haadstêd Hüsem/Husum wenje mar in bytsje Fryskpraters. Mar de namme fan it treinstasjon en sels dy fan it plysjeburo binne hjir twatalich. It Noardfryske taalgebiet begjint in stikje noardliker by it doarp Struckum. Boargemaster Petersen tinkt dat in 90-jierrige ynwenster de lêste Fryskprater fan it doarp is, mar neffens foarsitter Ilse Johanna Christiansen fan de Friesenrat wenje der mear Frysktalige famyljes yn it doarp. Frou Christiansen fynt dat de befolking takommend jier wol goed foarljochte wurde moat, as alle weiwizers twatalich wurde. "Yn Noardfryslân binne folle mear minsken dy't har Frysk fiele as minsken dy't it prate. It is hiel wichtich om dy der goed by te belûken. Je kinne soks net allinnich fanút Kiel oplizze."

Grutsk

Noardfryske aktivisten as frou Christiansen en Lars Harms binne neffens eigen sizzen 'grutsk' dat Noardfryslân earder twatalige weiwizers hat as it 'grutte' Fryslân yn Nederlân. "Fryslân is mei in soad saken in foarbyld foar ús'', seit Harms. "Underwiis yn it Frysk is better regele yn it Nederlânske Fryslân, media ek. No binne wy in kear earder as jimme, dat fyn ik moai." It Dútske bundeslân Sleeswyk-Holstein hat koartlyn in gearwurkingsoerienkomst sletten mei de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Sleeswyk-Holstein hat hjirby de ambysjes útsprutsen benammen op it mêd fan minderheidstalen gearwurkje te wollen mei Fryslân. It Frysk is fierder net de iennichste minderheidstaal fan Sleeswyk-Holstein, want njonken Dúts en Frysk wurde yn de noardlike dielsteat ek noch Deensk, Platdútsk en Súdjutlânsk praat.

Stúdzje

Njonken twatalige ferkearsbuorden en in eigen Nordfriisk Instituut hat de Noardfryske minderheid ek in eigen folweardige stúdzjerjochting Frysk oan de Universiteit fan Kiel. Studinten krije hjir ûnder oare kolleezjes yn ús Frysk fan professor Jarich Hoekstra. De stúdzjerjochting 'Friesische Philologie' hat op it stuit sa'n 25 studinten. Fierder binne der ek noch 25 oare belangstellenden dy't gastkolleezjes folgje.

Trefwurden: 
weiwizers Noardfryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)