Bouwmeester is wrâldtitel kwyt

20 maaie 2012 - 16:21

Sylster Marit Bouwmeester is teloarstellend as fyfde einige op it WK Silen yn de Laser Radial klasse. Yn it Dútske Boltenhagen sette de Wartenster op de slotdei goed útein, mar in giele flagge soarge derfoar dat se nei it achterfjild sakke. Ek yn de lêste race kaam Bouwmeester der net mear oan te pas. De nije wrâldkampioene is de Litouse Gintarė Scheidt.

De omstannichheden mei it stille waar wiene net yn Bouwmeesters foardiel. Boppedat konsintrearret se har no al op de Olympyske Spelen yn Ingelân fan 't simmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)