Betize man driget fan balkon te springen yn Ljouwert

29 nov 2016 - 14:47
Foto: ANP

De plysje fan Ljouwert hat moandeitejûn op de Eikenstraat yn de stêd yngripe moatten, omdat in 60-jierrige man foar problemen soarge. Der wiene klachten binnenkaam dat de man in soad leven makke. Doe't de plysje dêr kaam, die bliken dat de man de ruten fan syn flatwenning fernield hie. En hy drige fan acht heech nei ûnderen te springen.

Der moast úteinlik pepperspray oan te pas komme om de man ûnder kontrôle te krijen. De plysje hat him oerdroegen oan in helpynstânsje.

Trefwurden: 
betize man Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)