Snitser Stayokay slút de doarren

29 nov 2016 - 14:30

De lêste gasten fan de Stayokay yn Snits binne de doar út. Per 1 desimber is it dien mei de akkommodaasje. Der komme temin minsken foar de nacht en foar it wettertoerisme leit it hostel úteinlik dochs net ideaal. En dat betsjut dat der nei 75 jier gjin herberch mear is yn Snits.

Op dit stuit is der noch gjin oernamekandidaat foar it gebou en de ynboel. De eigener fan de Stayokay kaam noch mei it idee om asylsikers yn it gebou op te fangen, mar dat idee kaam krekt te let. De gemeente hie al in beslút naam oer de bou fan in nij AZC.

Mei de sluting fan de Stayokay yn Snits bliuwe der noch twa Stayokay hostels oer yn Fryslân, ien yn Heech en ien op Skylge.

Trefwurden: 
Stayokay Snits sluting
(Advertinsje)
(Advertinsje)