Fredrik bêste yn eigen swimbad

20 maaie 2012 - 15:48
Foto: Foto: ZV Orca Leeuwarden

Ramon Fredrik hat syn favoritenrol wiermakke by de Fryske Sprintswimkampioenskippen yn Ljouwert. It 18-jierrige talint fan de Ljouwerter swimferiening Orca wie mei 5 gouden medaljes oppermachtich. Sawol op alle yndividuele ûnderdielen as yn de seerjes wie hy de rapste.

By de froulju gong Renate Hemmes fan DZ&PC mei de measte medaljes nei hûs. Sy pakte trije Fryske titels. Sukses wie der ek foar de froulju fan Orca, dy't it Nederlânsk rekôr op de 4x 50 meter wisselslag estafette ferbetteren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)