Ekstra bêden yn nachtopfang fanwegen kjeld

Yn de kantine fan de nachtopfang yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Opfangorganisaasje Zienn stelt fanwegen de kjeld ekstra romte beskikber om dakleazen op te fangen. De winterregeling is moandeitenacht yngien. Yn Ljouwert binne der tydlik tolve sliepplakken ekstra.
Yn it Sociaal Pension yn Snits is in needkeamer beskikber foar dakleazen. De winterregeling giet yn as it trije graden of mear friest.