Sportkompleks Kealledykje wurdt ferwaarme troch waarmtenet

29 nov 2016 - 13:55
Sporthal It Kealledykje yn Ljouwert

It Ljouwerter swimbad Kealledykje en de twa grutte sporthallen derneist wurde fan heal desimber ôf ferwaarme fia it waarmtenet fan Ennatuurlijk yn Camminghabuorren. Dêrmei wurdt neffens BV Sport sa'n 190.000 kubike meter gas besparre.

Dêrneist komt it ferwaarmjen fan it sportkompleks mei restwaarmte fan it fabryk fan FrieslandCampina in stap tichterby. De mooglikheden om reekgassen fan it fabryk op te fangen en de waarmte te brûken, wurde op it stuit ûndersocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)