De Bolder yn Drachten 'OerMastere'

29 nov 2016 - 12:11

Basisskoalle De Bolder yn Drachten is fan 'e moarn 'OerMastere'. Dat betsjut dat de skoalle foar dizze folsleine dei oernaam is troch allinnich mar masters. Alle lessen wurde nammentlik jûn troch de manlike studinten fan de PABO fan de NHL. De 'OerMaster-dei' is organisearre om it fak fan master yn it basisûnderwiis mear yn de skynwerpers te setten. De masters hiene in spesjaal lesprogramma taret, mei in grutte fokus op technyk en ynnovaasje. Sa wiene der robots en krigen bern les yn programmearjen.

De bern wiene tige wiis mei de lessen fan de masters, en ek de skoalle is goed te sprekken oer it inisjatyf. Sa sil der sjoen wurde oft guon lessen dy't hjoed jûn binne, ek in ferfolch krije kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)