Weening 13e yn Kalifornia

20 maaie 2012 - 15:11
Pieter Weening - Foto: ANP

Pieter Weening fan 'e Harkema is sneon yn de sânde etappe fan de Ronde fan Kalifornia as trettjinde oer de einstreek kaam. Dêrmei klimt de hurdfytser fan GreenEdge nei it tsiende plak yn it algemien klassemint. De Ronde fan Kalifornia wurdt snein ôfslúten mei in koarte slotetappe fan 72 kilometer rûnom Los Angeles. Robert Gesink fan de Rabobank giet noch altyd mei in lytse foarsprong oan de lieding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)