Unbekend wurk fan Jopie Huisman opdûkt

29 nov 2016 - 12:06

Der is noch ûnbekend wurk fan skilder Jopie Huisman foar it ljocht kommen. It giet om trije tekeningen fan krekt nei de oarloch: lânskippen dy't de keunstner op Teksel makke hat. Se komme út de priveekolleksje fan syn soan Pepy Huisman.

Pepy lit ien fan de tekeningen sjen yn it telefyzjeprogramma Stille Skatten fan Omrop Fryslân. Pepy Huisman is húsdokter yn Boalsert en ien fan syn pasjinten kaam de tekeningen tsjin yn in doaze mei âlde kalinders.

It measte wurk fan de skilder Jopie Huisman is byelkoar bleaun, op syn eigen fersyk. It bart dan ek net faak dat der ûnbekend wurk opdûkt. 

It telefyzjeprogramma Stille Skatten is fan woansdei ôf online te besjen. Tongersdei is it op telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)