Tresoar siket skriuwers yn Fryske steds- of streektaal

29 nov 2016 - 11:42
San Sebastian, oftewol Donostia, is dit jier kulturele haadstêd fan Europa - Foto: Omrop Fryslân

Tresoar iepenet hjoed de tredde call foar it Europeesk literêre útwikselingsprogramma Other Words/Oare Wurden. Dizze kear giet it net om skriuwers yn it Frysk, mar skriuwers yn ien fan de Fryske steds- of streektalen, lykas it Biltsk en Stellingwerfsk.

Belangstellenden kinne oant 1 febrewaris in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Baskyske stêd San Sebastian. Oare Wurden is in Europeesk útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen. It jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen.

Dêr kinne se ek aktyf meidwaan oan it kulturele libben. Doel is om in folslein literêr wurk te meitsjen dat yn de oare dielnimmende talen oersetten wurdt. Yn totaal kinne tusken 2016 en 2018 fiif Fryske skriuwers meidwaan. André Looijenga en Bart Kingma binne earder selektearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)