Plysje ûndersiket brantsjes

20 maaie 2012 - 15:05
Brânwacht - Foto: ANP XTRA

De plysje stelt in ûndersyk nei oanlieding fan ferskate brantsjes sneontenacht dy't nei alle gedachten oanstutsen binne. Yn Nes op It Amelân wie sneontejûn brân yn it swimbad oan de Zwartewei, wêrby't in tuskenwand ôfbrânde. Yn Ljouwert wie yn de Van Loonstrjitte in grutte bult âld papier en op de Nieuwburen in boukontener oanstutsen.

Op de Pieter Hylkemastrjitte yn Noardburgum stie in ôffalkontener yn 'e brân en yn Snits troffen plysjes oan de Molenkrite in brânende brievebus oan tsjin de gevel fan de eardere legere skoalle.

Trefwurden: 
brantsjes
(advertinsje)
(advertinsje)