19-jierrige Harnzer oppakt foar gewelddiedige berôving

29 nov 2016 - 11:41
Oanhâlding - Foto: ANP

De plysje hat tiisdeitemoarn in 19-jierrige Harnzer oanhâlden foar stellerij mei geweld yn in wenning oan de Anjelierstrjitte. De 69-jierrige bewenner waard sneintemoarn yn syn eigen hûs mishannele en berôve. Hy rekke dêrby sa ferwûne, dat de man nei it sikehûs moast. De fertochte naaide út en naam ûnder oaren jild mei.

Ut ûndersyk troch de plysje kaam de 19-jierrige Harnzer as fertochte nei foaren. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)