Meijer tsiende yn Appelskea

20 maaie 2012 - 14:59

Rixt Meijer is sneon tsiende wurden by de Ronde fan Súdeast Fryslân. Dêrmei is de hurdfytster fan It Hearrenfean de bêste Friezin. De winst yn de âldste Fryske klassiker oer 120 kilometer gong nei Monique van de Ree. De 24-jierrige rydster fan Skil-Argos wie yn de massasprint op de Bosberg krekt wat rapper as Roxane Knetemann en Janneke Kanis, dy't respektivelik twadde en tredde waarden.

(advertinsje)
(advertinsje)