De Friesland: "Opstappen ZuidOostZorg jout dúdlikheid"

Mei it opstappen fan ZuidOostZorg en har partners is in ein kaam oan alle ûndúdlikens oer it soarchoanbod yn sikehûs Sionsberg yn Dokkum. Dat seit soarchfersekerder De Friesland yn in earste reaksje. De Friesland keas earder foar DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland foar de polyklinyske soarch yn Dokkum. Neffens De Friesland hawwe de oare partijen harren yn goed oerlis weromlutsen út it anderhalvelijnssintrum.
Takomst
Dêrmei ûntstiet neffens De Friesland romte om fierder te bouwen oan de takomst fan de soarchferliening fanút Sionsberg. Der wurdt wurke oan in nij ûnôfhinklik bestjoer en de gearwurking mei de húsdokters sil fierder oppakt wurde, lykas de gearwurking mei oare sikehûzen.
ZuidOostZorg bliuwt neffens De Friesland fia ferpleechhûs De Waadwente wol by de regio belutsen.