VVD en PvdA wolle ryksbydrage foar baggerjen Westgat

29 nov 2016 - 10:26
De haven fan Lauwerseach - Foto: Rykswettersteat

De Twadde Keamerfraksjes fan de PvdA en de VVD hawwe in moasje yntsjinne wêryn't se pleitsje foar in bydrage fan it ryk oan de plannen om it Westgat by Lauwerseach te baggerjen. It is foar de beropsfeart, wêrûnder de fiskerij, hieltyd dreger om fia de farrûte de haven fan Lauwerseach te berikken.

De regio hat in oanbod dien om de rûte te baggerjen en dit ek te beteljen. Neffens de fraksjes soe it regear hjir oan bydrage moatte. Nije wike praat de Twadde Keamer oer de moasje.

Trefwurden: 
Westgat Lauwerseach VVD PvdA
(advertinsje)
(advertinsje)