Kollum: "Gjin segregaasje mar yntegraasje"

29 nov 2016 - 08:40

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Troch allegear ferskillende berjochten stie de ôfrûne wike foar my yn it teken fan de Islam. Net dat de iene tsjin de oare buorman sei, wylst er nei my wiisde: ‘dy is lam’ (hoewol’t it sneon net folle skeelde), mar jim witte wol, dy oare woastynreligy út it Easten.
Earst wie dêr it nijs dat de Westermoskee yn Amsterdam gebedsoproppen dwaan wol. Dat is tsjin de ôfspraken dy’t yn 2005 makke wurden binne, it net oproppen ta gebed wie sels in betingst foar de bou fan de moskee. Mar no wolle se it toch dwaan, wat benammen foar bewenners sûnder migraasjeachtergrûn dêr yn de buert in strontferfelend barren wurde kin. It twadde item wie de diskusje oer it boerkaferbod. In mearderheid yn de Twadde Keamer stipet it kabinetsfoarstel dat ‘gezichtsbedekkende kleding’ yn beskate publike romten strafber stelt. Minister Plasterk heakke dêroan ta dat er derfan útgiet dat minsken har út harsels oan de wet hâlde sille. Hâldt dy útspraak even beet, harkers.

En dan wie der nijs oer de Arrayan-moskee, ek yn Amsterdam, dêr’t twa bestjoerders fan yn byld binne by opspoaringstsjinsten fanwegen radikalisearring en jihadisme. Dêr soe de Twadde Keamer it ek oer ha omdat partijen fine dat jihadisten tefolle harren gong gean kinne.
No is it op ien of oare wize net bon ton om it dêroer te hawwen. In foarbyld fan in typyske refleks op sa’n kwestje is dy fan de PVDA, dy’t fragen stelt oan minister Van der Steur fan Justysje oer it ‘lekken fan geheime plysjeynformaasje nei in grutte lanlike krante.’ Yn stee fan it oer de ynhâld te hawwen. De oare kant útsjen, net beneame, dan bestiet it net.

Zembla kaam woansdei mei Undercover in de Deense moskee, in reportaazje dy’t dingen oan it ljocht brocht dy’t men skokkend neame kin. Acht as ‘gematigd’ bekend steande moskeeën wiene fantefoaren hifke wurden hoe’t se foar de Deenske wet oer stiene. Alle wurdfierders seine dat it logysk wie dat se harren dêroan hâlden, sa’t it Deenske boargers past. Mar yn de praktyk die bliken dat net ien fan de acht moskeeën him dêroan hâlde.
As froulju yn in houlik ôfseame wurde, wurdt it harren troch de imams en riejouwers ôfret om oanjefte by de plysje te dwaan. As se út dy reden gjin seks mear mei harren man ha wolle, ha se op basis fan de sharia net te wegerjen, se moatte him syn gong gean litte. Bigamy en polygamy wurde tastien. As bern tsien jier binne en net bidde wolle meie se slein wurde. Net yn it gesicht, trouwens. Yn preken wurdt fertelt hoe’t men, yn it gefal fan troubrek, stiennigje moat, oant yn detail en yn it bywêzen fan bern. Hoewol’t it by wet ferbean is, ha moskeeën shariarieden dy’t beslisse yn kwestjes dêr’t it lân al wetjouwing foar hat.

It byld dat nei foaren komt út dy reportaazje is dat fan in skaadmaatskippij. Ien dy’t him net hâldt oan de wetten fan it lân, mar allinne oan de sharia. In âldere islamist sei dat ek letterlik, hy advisearret moslims mei klam om harren net te steuren oan de Deenske wet: allinne de sharia telt. Harkest mei, hear Plasterk?
It is net bon ton om it deroer te hawwen. En toch moat it, as wy nei in moreel sûne maatskippij stribje. Der sil nei oplossings socht wurde moatte om it bestean fan in skaadmaatskippij foar te kommen. Gjin segregaasje, mar yntegraasje. Tinke jim mei, bêste harkers? "

(Advertinsje)
(Advertinsje)