Soarchpartijen lûke har werom út Sionsberg

29 nov 2016 - 07:42
Foto: Veenstra Multimedia

Aldereinsoarchorganisaasje ZuidOoostZorg, sikehuzen MCL en Nij Smellinghe, De Kwadrantgroep en GGZ Fryslân lûke harren bieding foar 'anderhalvelijnszorg' yn sikehûs Sionsberg yn Dokkum yn. Reden foar it beslút is dat soarchfersekerder De Friesland keazen hat foar it ôfsluten fan 'iensiedige kontrakten' mei DC Klinieken en Cardiologie Centra Nederland (CCN) en net foar it yntegrale plan fan de inisjatyfnimmers.

ZuidOostZorg lûkt him mei yngong fan 24 desimber werom út Sionsberg. Dêrmei komt in ein oan it anderhalvelijnssoarchsintrum Sûnenz.

Trefwurden: 
Sionsberg
(Advertinsje)
(Advertinsje)