Cambuur trainer Sipke Hulshoff: "Prachtich om te sjen"

29 nov 2016 - 07:08

SC Cambuur sit yn de lift. Moandeitejûn waard de útwedstriid tsjin Telstar mei 3-0 wûn. Jamiro Monteiro, Martijn Barto en Sander van de Streek wiene de doelpuntemakkers. Trainer Sipke Hulshoff wie nei ôfrin in tefreden man: "Ik bin bliid mei de útfiering. We hiene totale kontrôle, in protte balbesit, ha mar ien kâns weijûn en geweldige goals makke. Boppedat wie it de twadde wedstriid yn trije dagen, mar de ploech spile mei in protte enerzjy. In komplimint wurdich."

De iennichste krityk wie dat it skoaren foar it skoft sa stroef gong. Hulshoff wie it dêr mei iens. "Mar doe't de goal foel en de wize werop, we traine derop, wie it yn 'e 'pocket'."

Ferdigener Omar El Baad wit dat Cambuur it paad omheech fûn hat. De Ljouwerters stean no njoggende, mar it gat mei nûmer fjouwer is mar trije punten. "Ja, we schuiven langzaam op, maar de trainer zegt ook dat we het per wedstrijd moeten bekijken. Als je blijft winnen, dan schuif je wel op."

Freedtejûn spilet Cambuur yn eigen stadion tsjin Jong Ajax.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)