Fjoerwurkhanneler hat 26 lawinepylken ûnder it bêd te lizzen

28 nov 2016 - 20:02
(fotofoarbyld)

Trije fjoerwurkferkeapers hawwe moandei fikse wurkstraffen krigen foar hannel yn yllegaal fjoerwurk. Yn twa fan de trije saken kamen plysjes de ferkeapers troch in undercover-aksje op it spoar. Se hiene it fjoerwurk ferline jier op ynternet te keap set. De plysjes diene krekt as oft se it keapje woenen.

In ynwenner (23) fan Aldegea (Sm.) hie sûnder dat er der erch yn hie mei in plysjeman in ôfspraak makke by in carpoolplak by Fryske Peallen. Thús hie er 26 lawinepylken ûnder it bêd te lizzen. Dy kinne it hiele hûs ploffe litte, sei justysje.

Nitraatklappers

De Aldegearster sei by de hannel tsjin de plysjeman yn boarger dat er ûnder oare flinterbommen en nitraatklappers te keap hie. Dy ferkeaper krige in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan in healjier.

Mantelsoarger

In 29-jierrige man út Kollumersweach moast ek foarkomme. Hy hie syn fjoerwurkfoarried ferside lein op de sliepkeamer fan in doarpsgenoat (63), by wa't er as mantelsoarger yn tsjinst wie. Yn de doazen sieten ûnder oare saneamde kobra's. Dy kinne mei in flinke klap ûntploffe. De âlde man sei dat er dêr neat fan wist, mar dat leaude de rjochter net. As de man fan 63 nochris trapearre wurdt, moat er in moanne de sel yn. Hy krige gjin wurkstraf, omdat er kwakkelet mei syn sûnens. De 29-jierrige man krige in wurkstraf fan 100 oeren, en in selstraf ûnder betingst fan njoggen moannen.

170 kilo yllegaal fjoerwurk

Yn de tredde saak, fan in 42-jierrige Ljouwerter, hat de plysje gjin sabeare oankeap dien. De man hie al gjin advertinsjes mear online te stean doe't de plysje him op it spoar kaam. Ein desimber kaam de plysje by him telâne, doe't se in minderjierrige jonge trapearren mei yllegaal fjoerwurk dat er by him kocht hie. De man hie 170 kilo oan yllegaal knalguod thús te lizzen. Dat hie er út België helle. De Ljouwerter krige in wurkstraf fan 180 oeren en in selstraf ûnder betingst fan in healjier.

Trefwurden: 
fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)