Súksesprojekt Humanitas krijt ferfolch

Foar in protte húshâldings sprekt it net fansels dat alles mar gewoan goed rint. Net eltsenien wit bygelyks it paad nei de organisaasjes, of begrypt de ynhâld fan regelingen. Standert helpferliening blykt dan net altyd genôch. Humanitas is dêrom yn dat gat sprongen om kwetsbere húshâldings ekstra te stypjen mei frijwilligers.
Dit projekt, dat de namme 'Wel Thuis' draacht, is no sa súksesfol dat it sels troch it Oranjefûns nominearre is foar in 'Appeltje fan Oranje'.
Ferfolch
De gemeente Ljouwert hat moandei bekend makke dat it projekt ek nei de pilot trochset wurdt. Stimme foar it Appeltje van Oranje kin fan 2 oant en mei 11 desimber op de webside fan it Oranjefonds.