Monasch: Stranger migraasjebelied en ôfskaf eigen risiko

28 nov 2016 - 17:15

It migraasjebelied moat stranger wurde en der moatte mear en binende referinda komme. It moat dien wêze mei grutte skoallemienskippen en it eigen risiko yn de soarch wurdt ôfskaft. Dat binne in pear fan de punten yn de fyzje fan de nije partij fan âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch fan Snits.

Hy hat moandeitemiddei syn partij Nieuwe Wegen presintearre. Dêrmei wol er foar in trochbraak soargje yn de Nederlânske polityk.

Net mear oare kant op sjen

Neffens Monasch wol Nederlân net mear dat linkse partijen de oare kant op sjogge as it giet oer yntegraasje. En Nederlân is der ek klear mei dat de sittende politike partijen de boarger bûtenslute. De partij wol opkomme foar minsken mei 'gewoane' banen, lykas de maresjaussee en yn it ûnderwiis, en dy soenen aanst ek op de list moatte. Fierder wol Monasch mei oare âld-leden fan de PvdA oan de slach, ek út Fryslân wei. 

Tritich sitten

Monasch wol mei minsken yn it lân it debat oangean. Op grûn fan wat er dêr heart, makket er syn ferkiezingsprogramma. Hy tinkt dat er tweintich oant tritich sitten helje kin by de Twadde Keamerferkiezings yn maart takom jier. Konkrete nammen fan syn kandidatelist hat er noch net, mar de list hoecht pas ein jannewaris klear te wêzen. Oer wa't op de list komme moatte, seit er:  "Mensen die actief zijn in de samenleving. Niet alleen maar ambtenaren en hoog opgeleiden, maar ook verpleegkundigen,  leraren, politieagenten en ondernemers."

Fan SP, PVV oant VVD

Monasch mikt mei syn nije partij op minsken út alle hoeken fan de maatskippij: "Mensen die vroeger op de PvdA hebben gestemd en die tegen mij zeiden: Met dit verhaal ga ik op jou stemmen. Andere mensen zeggen: Ik wil eigenlijk geen PVV stemmen, maar de politiek luistert niet. Met dit verhaal heb ik een alternatief."  Maar ook mensen van de VVD en SP.

(Advertinsje)
(Advertinsje)