Kamminga keningin op thúsbaan

20 maaie 2012 - 14:40

Manon Kamminga út Haulerwyk is mei fjouwer gouden en twa sulveren medaljes de grutte winneres fan it NK skeelerjen op har thúsbaan. Nei winst op de 300 meter en de ôffalkoers folge sneon goud op de puntekoers en de 3000 meter ôflossing, dy't se tegearre mei har ploechgenoaten Elma de Vries en Bianca Roosenboom wûn.

De trije froulju fan team Sprog dominearren it poadium op alle ôfstannen. Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, gong mei 2x goud, 2x sulver en 2x brûns nei hûs.

By de manlju wie der op de slotdei opnij sukses foar Crispijn Ariëns út Wolvegea. Hy waard tredde op de 500 meter en pakte it sulver op it ûnderdiel ôflossing. Dêrmei komt syn teller út op 2x goud, 1x sulver en 1x brûns. Ruurd Dijkstra út Nijeholtwolde pakte dit wykein trije sulveren medaljes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)