"Dat het boek af is, is een pak van m'n hart"

28 nov 2016 - 16:38

Se is nasjonaal rekôrhâlder op de 10 kilometer by de froulju, hat trije kear meidien oan de Winterspelen yn de jierren 90 en hat no in biografy skreaun: reedrydster Carla Zijlstra. De âld-reedrydster is berne yn Snits en wennet no yn Australië. Yn har boek 'Tussen hemel, ijs en aarde' sjocht se net allinnich werom op wat de topsport mei har dien hat, mar ek hoe't har libben neist de topsport wie.

Lang proses

Zijlstra is bliid dat it skriuwen derop sit en de biografy yn de winkels leit. "Dat het boek af is, is een pak van m'n hart." It skriuwen fan de biografy wie nammentlik in lang proses. Se hat der sa'n sân à acht jier mei dwaande west.

Der stean dan ek in soad details yn. "Omdat het denk ik anders een heel saai boek was geworden, met tijden en wedstrijden die je half weergeeft. Dus ik denk dat als je dan zoiets gaat schrijven, dan gaat het ook om die details!", seit Zijlstra. "De mooie herinneringen, daar heb ik veel details van. Het is een heel beeldend verhaal, waarbij je hopelijk begrijpt hoe dat voelde. Als je dat niet in details beschrijft, hou je er weinig van over."

Auto-ymmúnsykte

It boek fan Zijlstra is ek persoanlik. Ien fan de saken dy't oan de oarder komt is har auto-ymmúnsykte. Se skriuwt dat it tige dreech wie om de sykte te hawwen. Zijlstra wist dêrtroch net oft se noch wol fierder reedride koe. "De twijfel die dit bij je oproept, daar zit je natuurlijk niet op te wachten. Dan overwin je het en dan denk je 'Soms heb je dat misschien wel nodig om het beste uit jezelf te halen. Dat klinkt heel gek, maar het schakelt ook wel weer heleboel andere dingen uit waar je je niet meer druk om maakt." De auto-ymmúnsykte hat Zijlstra noch hieltyd. Soms giet it better, soms minder, seit se.

Reedride yn Australië

Ride docht Zijlstra yn Australië net in soad. Der leit kwealik natueriis en der binne gjin keunstiisbanen yn it lân foar de langebaan. Wat dat oanbelanget is it reedriden no út har libben. Oan de oare kant bliuwt de reedrydsport altyd by har, seit Zijlstra. De biografy is dêr wol it bewiis fan.

Trefwurden: 
Carla Zijlstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)