Krattedieven oppakt

Twa Amsterdammers fan 32 en 28 jier en in 54-jierrige man wêrfan't it wenplak ûnbekend is binne sneontenacht by Harns troch de plysje oanholden foar stellerij. In befeiligingsmeiwurker fan in bedriuw oan De Wissel yn Sint Anne hie sjoen dat de manlju meardere klapkratten yn in frachtauto laden. Hy joech it kenteken fan de auto troch oan de plysje dy't it trijetal by de Keningsbrêge yn Harns oanhâlde koe.
De manlju binne ynsletten foar neier ûndersyk.