Tagonklikheid OV yn kaart brocht foar lichaamlik beheinden

© Omrop Fryslân
Minsken dy't net goed sjen kinne of dy't oars lichaamlik beheind binne kinne no fia it reisadvys fan 9292 útfine oft sy maklik by in halte komme kinne. De organisaasje achter it reisadvys hat fan haltes yn Fryslân en Súd-Hollân yn kaart brocht oft dy maklik tagonklik binne foar minsken mei in beheining.
Dy kinne tenei sels ek oanjaan wat se fan de berikberheid fan in halte fine. Dat kin mei positive of negative smileys, of troch te sizzen wat se fine fan bygelyks de halte, de ferfierder of fan 9292 sels.