Flaaksmuseum Ie krijt opknapbeurt

It Flaaksmuseum yn Ie © Omrop Fryslân, Joline Dalstra
Flaaksmuseum It Braakhok yn Ie krijt hast 10.000 euro subsydzje fan de provinsje. It jild is bedoeld foar in opknapbeurt fan it museum. It is de bedoeling dat der in glêzen yngong komt en dat it museum digitalisearre wurdt. Dêrmei moatte mear besikers lutsen wurde. De lêste jierren rint it tal besikers wat werom.
It museum is no allinnich op ôfspraak iepen. Nei de opknapbeurt sil it Flaaksmuseum alle dagen iepen wêze. Doarpsbewenners dy't deunby it museum wenje, dogge dan de doarren iepen foar it publyk.
Troch de digitalisearring kinne besikers har dêrnei sels rêde yn it museum.