Mear as tûzen minsken derút by it COA

28 nov 2016 - 14:11
Foto: ANP

By it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, ferdwine lanlik de kommende tiid mear as 1000 banen. Reden is dat der minder wurk foar it COA is om't der minder asylsikers nei Nederlân komme. Wat de gefolgen foar it Noarden binne, is noch net dúdlik. Dat wurdt de kommende wiken útsocht. In jier lyn wurken der noch 4500 minsken by it COA. De ôfrûne moannen binne der al 500 minsken fuortgien.

De ûntslaggen falle ûnder de tydlike meiwurkers. Fêste meiwurkers wurde net ûntslein, mar wurde mooglik oerpleatst en moatte dan ferhúzje. Ferline jier fregen hast 60.000 minsken asyl oan, it kabinet rekkenet foar dit jier op krekt mear as 30.000.

(advertinsje)
(advertinsje)