Jacques Monasch komt definityf mei eigen partij

28 nov 2016 - 13:33
Jacques Monasch - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Jacques Monasch fan Snits presintearret letter moandeitemiddei syn nije politike partij 'Nieuwe Wegen'. Hy docht dat by in byienkomst yn Den Haag. Ald-PvdA'er Monasch fynt dat it tiid is foar in trochbraak yn de Nederlânske polityk. "Met een sociaal hart en gezond verstand", sa skriuwt er yn de útnûging.

Neffens it telefyzjeprogramma EenVandaag mikt Monasch op 20 sitten.

Kandidaat-listlûkers fan de PvdA, Diederik Samsom en Lodewijk Asscher lieten earder witte dat se it spitich fine dat Monasch út de fraksje stapt is. Se ferwachtsje dat de nije partij fan Monasch de PvdA stimmen kostje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)