Nije ambulânsehelikopter presintearre yn Ljouwert

Moandeitemoarn is de nije ambulânsehelikopter presintearre op de fleanbasis yn Ljouwert. It is de earste fan syn soart yn Nederlân. It grutte ferskil mei de traumahelikopters is dat dizze der folslein op rjochte is om pasjinten te fersoargjen by it ferfier nei it sikehûs ta.
By de âlde traumahely waard noch folle faker in medysk team nei de pasjint ta flein. In oar foardiel fan de nije hely is dat dizze ek fleane kin by mist en hurde wyn.
Tsien minuten
"We hebben hier alles aan boord wat ook in een gewone ambulancewagen zit", fertelt ferpleechkundige Alice Hotke. Se fynt it fleanen oer it Waad prachtich mar dat is net it grutste foardiel. "In een heel kort tijdsbestek ben je ergens. En tijd is zo belangrijk voor de patiënten." Yn tsien minuten fleant de helikopter fan de Waadeilannen nei it MCL yn Ljouwert.
De ambulânseweinen fan de eilannen sille troch de komst fan de nije hely net faak mear mei de boat nei de de fêste wâl komme. Dêrtoch kin op de eilannen altyd in ambulânse stean bliuwe.