Ljouwerter pakt nei't er drige mei pistoal

28 nov 2016 - 12:11

In 21-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden nei't hy syn buorman mei in pistoal bedrige hie. De buorman hie de Ljouwerter oansprutsen op lûdsoerlêst. Op it momint dat de plysje oankaam, stapte in groep minsken út de wenning fan de fertochte. Se waarden troch de plysje mei lutsen pistoal opwachte. Uteinlik die bliken dat de 21-jierrige Ljouwerter it pistoal, in saneamd baltsjespistoal, fuortsmiten hie. It nepwapen waard sneintemiddei werom fûn yn de boskjes by it hûs.

Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke, hy moat op 13 maart foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
wapen plysje
(advertinsje)
(advertinsje)