Agressive stappers oanhâlden yn Ljouwert

Oanhâlding © ANP
De plysje yn Ljouwert hat sneintenacht op it Ruiterskwartier twa ferfelende en agressive stappers oanhâlden. In 24-jierrige man út Eastermar krige in bekeuring foar wyldpisjen, mar bleau dêrnei de plysjeminsken lestich fallen. Hy waard meardere kearen warskôge, mar is úteinlik oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.
Letter yn de nacht wist de plysje in fjochtpartij foar te kommen. Ien fan de belutsenen bleau agressyf en misledige de plysje. Hy fersette him tsjin syn oanhâlding en krige in boete.