Anonime skinking fan in ton foar de tsjerke fan Raard

28 nov 2016 - 11:41

It ûnderhâld fan it tsjerkje yn Raard (Dongeradiel) is feilichsteld troch in anonime skinking fan 100.000 euro oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. It grutste part fan it jild wurdt brûkt foar it restauraasjefûns fan it tsjerkje yn Raard, de rest wurdt brûkt foar de restauraasje fan it tsjerkje yn Dedzjum (Súdwest-Fryslân). De skinking wie in grutte ferrassing foar de stichting. Op fersyk fan de donateurs bliuwe sy anonym.

"Het stond zo maar op onze rekening. Het blijkt een donateur van het eerste uur te zijn, die zich meteen bij de oprichting in 1970 heeft gemeld. Ze hebben altijd gewoon en sober geleefd. In overleg met de kinderen is besloten dit bedrag aan de stichting te schenken. Anders zou een groot deel naar de fiscus gaan. Wie aan ons schenkt hoeft geen successierechten te betalen'', seit direkteur Gerhard Bakker fan de stichting. De leafde foar Fryske tsjerken sit neffens Bakker djip by de donateurs. "Hij zei: Wat is Fryslân nog als kerktorens uit het landschap zouden verdwijnen.''

(advertinsje)
(advertinsje)