Automobilist naait út nei ûngelok

© ANP
In 24-jierrige automobilist út de gemeente Menameradiel is sneintejûn oanhâlden, om't er útnaaide nei't hy in ûngelok feroarsake hie. De man ried op de N383 by Marsum mei hege snelheid achterop in oare auto. Hy ried dêrnei tsjin it ferkear yn oer in rotonde en naam in ferkearsboerd mei yn syn flecht. Hy liet de auto achter, naaide rinnendewei út en ferstoppe him yn de buert. Mei help fan in plysjehelikopter en help fan bekenden fan de fertochte is de man fûn.
Hy is behannele oan lichte ferwûningen oan syn gesicht. Syn rydbewiis en auto binne yn beslach naam. Der is in bloedproef ôfnaam om út te finen as de man ûnder ynfloed wie fan drank of medisinen. De man by wa't hy achterop ried, kaam mei de skrik frij.